Stasjon De Steeg (Sg) wie in stasjon oan de Steatsline A tusken de doarpen De Steeg en Rheden yn de gemeente Rheden yn de provinsje Gelderlân. Fan 1927 ôf waard it stasjon Stasjon De Steeg-Rheden neamt. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. It stasjon stie healwei De Steeg en Rheden, tsjinoer de Steegse Haven.
Gebou
It stasjonsgebou kaam yn 1864 ree, en waard iepene op 2 febrewaris 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline A oanlein wie. Yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by. It stasjon waard sletten yn 1947 en it stasjonsgebou waard yn 1961 ôfbrútsen. Der is hjoed-de-dei hast neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen. De spoaren lizze op de hichte fan it eardere stasjon wat fierder út inoar en de Stationsweg dy't ôfbûcht fan de Hoofdstraat ferwize nei it plak fan it eardere stasjon.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|