Stasjon De Punt (Pn) wie in stasjon oan de Steatsline C yn it doarp Glimmen yn de gemeente Grins yn de provinsje Grinslân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de fjirtich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. It stasjon stie sa ûngefear oan de Parallelweg.
Gebou
It stasjonsgebou kaam yn 1868 ree, en waard iepene op 1 maaie 1870 foar treinreizgers doe't ek it spoar fan Steatsline C oanlein wie. Yn 1936 waard it stasjon sletten. It stasjonsgebou waard yn 1970 ôfbrutsen Der is hjoed-de-dei neat mear fan it stasjon en stasjonsgebou werom te finen.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|