It oarspronklike spoarweistasjon fan Arnhim Felperpoarte waard iepene op 1 oktober1892. Oan beide kanten fan de spoardyk, fuort westlik fan de Velperpoarte, waard in suver hielendal glêzen gebouke mei in houten skelet en dak boud. De geboutsjes rêsten op houten peallen, om't de spoardyk allinnich plak joech oan de rails en in smel houten perron. In heakse trep yn twa dielen mei elk sawat tweintich treden laten de treinreizgers fan de Steenstrjitte ôf nei it stasjon. Stasjon Arnhim Felperpoarte waard op 3 juny1918 sletten en de abry's waarden ôfbrútsen.
Op 5 jannewaris1953 waard it stasjon op 'en nij iepene, mei in nij stasjonsgebou op likense hichte mei de ferhege spoarbaan, ûntwurpen troch arsjitekt Koen van der Gaast. Om de wachtromte hinne rint de trep nei boppen. Oarspronklik wie it twadde perron allinnich te berikken fia in oerpaad. Dit geboutsje bestiet noch hieltyd en is tsjintwurdich yn gebrûk as kantoar.
Yn 1988 waard it ferfongen troch twa nije geboukes efkes fierderop lâns de spoarbaan by in nije ûndertrochgong, wêrtroch't it in fiaduktstasjon waard. Hoewol't dy nije geboukes, ûntwurpen troch arsjitekt Rob Steenhuis, út net folle mear as twa treppehuzen bestean hawwe se in grutte boumassa.
Yn 2020 is it stasjon fernijd wêrby't benammen de tagonklikheid en de feiligens om it stasjon hinne ferbettere is. Sa binne de perrons en treppen ferbrede en waarden der liften pleatst foar reizgers mei in rolstoel.