Stasjon Almeare Bûten (Almb) is in stasjon oan de Flevoline yn Almeare yn it stedsdiel Almeare Bûten yn de provinsje Flevolân.
It waard yn gebrûk naam op 30 maaie 1987 mei de iepening fan de Flevoline (Weesp - Lelystêd Sintrum). It stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Peter Kilsdonk. It stasjon hat twa brede perrons mei twa lange perronkappen. Oan beide siden binne hellingbanen, en de twa wichtichste treppehuzen binne oerdutsen en ôfskerme mei glêzen muorren. Beide treppen binne om in betonnen klokketoer hinne boud. Under it spoarweifiadukt is in stasjonshal mei in loket en in ytgelegenheid.
Treinferbinings
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|