It stasjon stiet yn de Alkmarske wiken Huiswaard I en II. It ûntwerp fan it earste stasjonsgebou wie fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It gebou wie in foarbyld fan in foarstedshalte. Der is in iepen fytsestalling mei fytsklûzen oanwêzich.
Yn 2020 waard it earste stasjonsgebou ôfbrútsen om plak te meitsjen foar nijbou, nei ûntwerp fan arsjitektenburo VenhoevenCS. It gebou bestiet út in soad glês en waard yn de simmer fan 2021 iepene.
Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.