It Standerttype Loppersum is in stasjonsûntwerp dat yn 1882 en 1883 brûkt waard foar inkelde fan de stasjonsgebouwen oan de Spoarline Ljouwert - Starum en de Spoarline Grins - Delfsyl fan de Steatsspoarwegen. Fan de yn totaal njoggen boude stasjons stiet der tsjintwurdich noch ien oerein dy yn Loppersum.