De Spiltiid is in lienfertaling fan 'e troch de DútsketeoloochKarl Jaspers betochte term Achsenzeit, dy't troch godstsjinstwittenskippers en teologen brûkt wurdt om 'e perioade fan likernôch 800 oant 200 f.Kr. oan te tsjutten. Dat tiidrek foel gear mei de trêde evolúsje fan de Aldheid, en foarme it begjin fan 'e Klassike Aldheid. Yn 'e Spiltiid kamen der yn alle religyen fan 'e grutte beskavings fan 'e wrâld nije systemen en ideeën op, dy't oant yn dizze tiid in krúsjale rol spylje. It ûntstean dêrfan hong gear mei de feroarjende sosjale en ekonomyske omstannichheden, mar om redens dy't hjoed de dei noch altyd net folslein begrepen wurde, makken yn dy tiid alle wichtige beskavings inselde ûntjouwing troch, sels as se gjin ûnderlinge kontakten ûnderholden, lykas Sina en Jeropa.