Sjirk de Wal waard berne yn Jelsum, mar ferhuze al as jonkje fan 4 jier nei Dronryp. As jongfeint hie er al namme makke yn keatsfermiddens. As breakeatser reizge hy de merkepartijen ôf. Hy waard lykwols faak útsletten fan dielname omdat er te goed wie, en sa oaren der fan ôf hâlde om oan de partijen mei te dwaan. Dat koste de kastleins dy't de keatspartijen meast útskreaunen tefolle omset.
Yn 1893 waard yn Dronryp in keatsferiening oprjochte dêr't de Wal de nammejouwer fan waard: VvV Sjirk de Wal. It wie yn dy tiid net ûngebrûklik dat keatsferienings, dy't yn dy snoarje rûnom oprjochte waarden, ferneamd waarden nei âld PC-keningen: ek de nammen fan Jan Reitsma (Peinjum en Reduzum) en Jacob Klaver (Mantgum), tiidgenoaten fan Sjirk de Wal, klinke dêrom noch geregeld op de keatsfjilden.
Sjirk de Wal boaske 14 maaie1879 mei Gooitske Popkes van der Vlugt. Hja krigen trije jonges en ien famke. Sjirk ferstoar yn 1909 yn Dútslân, dêr't er de lêste 10 jier fan syn libben wenne hat.