De Sint Leonardustsjerke yn De Bosk wie in roomske tsjerke oan it Emmaplein 25.
Skiednis
De tsjerke waard yn 1905 as de parochytsjerke foar de nije stedsútwreiding 't Zand, west fan 'e âlde stêd. It monumintale gebou wie in ûntwerp fan de doetiidske, oarspronklik yn Belgje berne stedsarsjitekt Jules Dony.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke yn oktober 1944 bot skeind. By de befrijing waard yn dit diel fan 'e Bosk slim fochten. Dochs waard de tsjerke wer restaurearre.
Fanwegen it tebekrinnen fan de tsjerkegong waard de tsjerke mei de Sint-Pitertsjerke en de Sint-Joazeftsjerke fan De Bosk yn 1971 sletten en yn é maaitiid fan 1973 ôfbrutsen.
Op de lokaasje fan 'e tsjerke kaam it kantoar fan it Brabants Dagblad, dat yn 2013 opheft waard. Dêrnei kamen der apparteminten.
By it plak fan 'e eardere tsjerke stiet noch it Hillich Hertmonumint út 1925.