Sinaï, yn it reade kader
Sinaï (Arabysk : سيناء Sīnā' ) is in Egyptysk skiereilân , dat it Aziatyske diel fan dat lân foarmet. It hat yn de 20e iuw in oantal kear befochten west. It wurdt troch de Lâningte fan Suez ferûn mei de rest fan Egypte, mar tagelyk troch it Suezkanaal skaat fan Afrika.
Geografy
It skiereilân wurdt begrinze troch de Middellânske See yn it noardem en dan mei de klok mei troch de Gazastreek , Israel , de Golf fan Akaba , de Reade See , de Golf fan Suez en it Suezkanaal . Op it skiereilân lizze it Sinaï-berchtme en de Sinaïwoastyn . De Sinaïberch is in wichtige berch yn it gebiet.
It skiereilân Sinaï fanút in Spaceshuttle
Ekonomy
Wichtige ekonomyske takken binne toerisme, feilichheid, nomadyske feehâlderij (skiep, geiten en kamelen), fiskfangst, yllegale hannel (û.o. it smokkeljen fan wapens, ammunysje en froulju) en yllegale lânbou (ferdôvjende middels).
Yn bylden
Dunen en rotsen yn de Sinaï
De berch Sinaï ('Gabal Musa')
Sânstoarm op it skiereilân
It Katarinakleaster oan de foet fan de berch Sinaï
Grins Egypte-Israel, yn noarlike rjochting fanôf it Eilatberchtme
Sjoch ek