De Sewei hie foar 1930 in tal heakske bochten, oer dy dyk ried eartiids de tram nei It Hearrenfean. Yn de earste bocht lei(t) in brêge nei de heawei de polder Wyldehoarne yn. Foarby de twadde bocht, op de dyk nei Haskerhoarne, stie eartiids de Lycklamastins. Yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw is de dûbele bocht ôfsnien en waard it stik fan de Sewei in dearinnend dykje de lannen yn. Yn dy jierren wie de autosneldyk noch net oanlein. Fan dy tiid ôf ried de frachttram mei in flauwe bocht fan Westermar nei Haskerhoarne.