Sarah Bernhardt, berne as Marie Henriette Rosine Bernardt (Parys, 22 oktober1844 - dêre, 26 maart1923) wie in Frânsktoanielaktrise en filmaktrise. Guonts hawwe har wol oantsjut as "de meast ferneamde aktrise dy't de wrâld ea kend hat".[1] Bernhardt waard in ferneamd aktrise op it toaniel yn de jierren 70 fan de 19e iuw yn Frankryk; rillegau waard hja frege yn hiel Europa en de Amearikas. Sy krige de reputaasje fan serieus aktrise en fertsjinne sa de bynamme "De godlike Sarah."
Libben en wurk
Sarah wie in dochter fan in Nederlânske mem, Julie Bernardt, en in heit mei in ûnbekende nasjonaliteit. Nei alle wierskyn wie har heit gjin Frânsman. Sy heakke de letter 'h' ta oan sawol har foarnamme as famyljenamme om har Nederlânsk komôf en it feit dat hja in ûnecht bern wie, te bemanteljen. Eins wie hja Nederlânsk en net Frânsk. De namme dy't hja foar har heit betocht, Edouard Bernhardt, wie yn it echt de namme (sûnder h) fan har memme broer. Har pake Moritz Bernardt wie in Joadsk brillekeapman en lyts krimineel yn Amsterdam. Wierskynlik waard hat joadske mem ek yn Amsterdam berne[2]. Yn de rin fan de tiid hat hja in soad dingen oer har komôf en libben optocht as oerdreaun; Alexandre Dumas, fils, beskreau har as in notôre leagener.[1]
Toanielkarriêre
Bernhardt har karriêre op toaniel begûn yn 1862 doe't hja oan de Comédie-Française studearre, Frakryksk meast prestizjeuze teater. Sy besleat lykwols om út Frankryk wei te gean en bedarre yn Belgje, dêr't hja de maitresse fan Henri, Prince de Ligne waard; harren soan Maurice waard 1864 berne. Nei de berte fan Maurice woe de prins mei har trouwe, mar syn famylje ferbea it en helle Bernhardt oer om te wegerjen en de ferhâlding te einigjen.[3]
Har konservatoariumstúdzje wie gjin folslein súkses te neamen, sy hâlde der mei op en tsjin 1865 wie hja in koertisane. Yn dy snuorje besette hja ek har ferneamde deakiste, dêr't hja geregeldwei yn sliepte – sy woe hawwe dat sy har sa better ynlibje koe yn de protte tragyske rollen dy't hja spylje moast.
Sarah regele in kontrakt by it Théâtre de L’Odéon dêr't hja 1866 oan 'e gong gie. Har meast ferneamde optreden dêre wie travestyrol fan Florentynske minstreel yn Le Passant fan François Coppé (jannewaris 1869).[4] Mei it útbrekken fan de Frânsk-Prusyske kriich waarden de optredens stoppe en Sarah waard ferpleechster yn in hospitaal efter it front.[5] Yn de 70er jierren waard hja ferneamd yn Europa en rillegau waard hja ek frege om te spyljen yn New York. Tusken de tours troch wie hja produsint-direkteur-stjer fan it Théâtre de la Renaissance, dat wie fan 1893 oant 1899.
Yn 1872 gie hja by it Odéon wei en gie werom nei de Comédie-Française. Ien fan har opmerklike súksessen dêr wie de titelrol yn Voltaire's Zaïre (1874). Yn 1887 reizge hja sels nei Kuba dêr't hja optrede yn it Sautoteater, yn Matanzas. Sy ûnderrjochte ek tal fan froulju yn it aktearjen, sa as aktrise en koertisane Liane de Pougy.[6]
Berhardt naam 1899 it eardere Théâtre des Nations oan de Place du Châtelet oer en neamde it Théâtre Sarah-Bernhardt. De iepening wie op 21 jannewaris mei Victorien Sardou syn La Tosca dêr't sy de titelrol yn hie. Op 20 maaie spile Sarah dêr de titelrol yn in ûnrymferzje fan Hamlet, skreaun troch Eugène Morand en Marcel Schwob. Nettsjinsteande it feit dat it stik fjouwer oeren duorre, krige it loovjende kritiken.[7][8] Yn dy snuorje krige hja de bynamme "The Divine Sarah" en waard hja faaks de ferneamdste aktrise fan de 19e iuw. Bernhardt late it teater oant har dea, doe naam har soan Maurice it oer. Nei Maurice syn ferstjerren yn 1928 hold it teater de namme fan Sarah Bernhardt. Under de Dútske besetting yn de Twadde Wrâldkriich[9] waard de namme feroare yn Théâtre de la Cité om reden fan Bernhardt har joadsk komôf.
Persoanlik libben
Bernhardt hie in ferhâlding mei de Belgyske ealman Charles-Joseph Eugène Henri Georges Lamoral de Ligne (1837–1914), in soan fan Eugène, 8e prins fan Ligne, dy't har ienichst bern, Maurice Bernhardt (1864–1928) oansette. Maurice wie it grutste part fan syn libben manager en agint fan ferskate teaters en artysten, faak ek fan syn mem yn de lêste jierren fan har wurkpaad, mar dat slagge net bot. Maurice en syn hûshâlding koene faak min troch de tiid komme en moast geregeldwei troch syn stipe wurde.
Ta Sarahs freonerûnte behearden tal fan keunstners; lykas Gustave Doré, Georges Clairin, de akteurs Mounet-Sully en Lou Tellegen, mar ek de ferneamde skriuwer Victor Hugo. Alphonse Mucha waard yn syn wurk troch har ynspirearre. Har freonskip mei de Frânske ympresjonistyske skilder Louise Abbéma (1853–1927), wie sa nau en fol fjoer dat der grute waard oer in leafdesferhâlding. In skilderij fan Abbéma waard 1990 fergees oan de Comédie-Française jûn; it lit beide froulju yn in boatsje op fiver yn it Bois de Boulogne sjen. Der siet in brief by dy't ferklearre dat it skilderij "Peint par Louise Abbéma, le jour anniversaire de leur liaison amoureuse" wie[10] (frij oerset: "Skildere troch Louise Abbéma by de jierdei fan harren leafdesaffêre.")
Sarah boaske letter mei de yn Grikelân berne akteur Aristides Damala (artystenamme yn Frankryk Jacques Damala) yn Londen yn 1882, mar it houlik dat duorre hat oant de dea fan Damala's yn 1889 (hy wie doe 34 jier), wie rillegau gjin súkses fanwege Damala syn morfineferslaving. Yn de lêste jierren fan it houlik soe Bernhardt in ferhâlding hân hawwe mei de lettere kening Edward VII doe't dy noch Prins fan Wales wie.
Bernhardt hat ris sein: 'Ik bidde? Nea! Ik bin ateïst."[11] However, she had been baptised a Roman Catholic, and accepted the last rites shortly before her death.[12]
Filmakteur
Bernhardt wie ien fan de earste aktrises yn de stomme film; sy debutearre op dat mêd as de Hamlet yn de twa minuten lange film Le Duel d'Hamlet yn 1900. (Suver technyksk besjoen wie it in soarte fan lûdsfilm)[13] Yn totaal hat hja meidien yn acht spylfilms en twa biografyske films. By dy lêsten siet Sarah Bernhardt à Belle-Isle (1912), in film oer har deistich libben thús.
Letter jierren
Yn 1905 knoffele hja op it poadium, by in optreden yn La Tosca fan Victorien Sardou yn it Teatro Lírico do Rio de Janeiro; Bernhardt ferwûne har rjochter knibbel. De knibbel woe nea hielendal better wurde. Yn 1915 ûntstie der gangreen en moast de hiele rjochter skonk ôfset wurde en wie hja ferskate moannen oanwiisd op in rolstoel. Bernhardt wegere de $10.000,- dy har bean waard troch in showman dy't har amputearre skonk as in medyske kuriositeit útstalle woe. Sy krige in houten protese, mar brûkte die faak net. Sy makke yn 1915 in súksesfolle teateromloop troch Amearika en werom yn Frankryk spile hja suver sûnder ûnderbrekking yn har eigen produksjes oant benei har dea ta. Har stikken Daniel (1920), La Gloire (1921) en Régine Armand (1922) hie hja bot súkses mei. Neffens Arthur Croxton, direkteur fan it London's Coliseum, wie by de optredens net te sjen dat hja har protese net oan hie.[14] Har mobiliteit op toaniel sil der wol wat ûnder te lijen hân hawwe, mar de sjarme fan har stim, dy't mei de jierren net folle minder wurden wie, fersekere har fan triomfen.
Sarah Bernhardt stoar yn 1923 oan uremy, in gefolch fan nierfalen. Sy hat in stjer op de Hollywood Walk of Fame, 1751 Vine Street.
Stikken en rollen
1861: Les Enfants d'Edouard (Casimir Delavigne), rol fan Edouard V.
1861: Les Premières Armes de Richelieu (Jean-François-Alfred Bayard, Dumanoir), rol fan Richelieu.
1862: Iphigénie (Jean-Baptiste Racine), rol fan Iphigénie.
1900: Le Duel d'Hamlet (William Shakespeare), regy Clément Maurice. Sarah Bernhardt yn de rol fan Hamlet.
1909: La Tosca (André Calmettes, Victorien Sardou), regy Charles Le Bargy, André Calmettes.
1912: La Dame aux Camélias (Camille) (Alexandre Dumas fils, Henri Pouctal), regy André Calmettes, Henri Pouctal. Sarah Bernhardt yn de rol fan Camille (Marguerite Gauthier).
1912: Reine Elisabeth (Emile Moreau), regy Henri Desfontaines, Louis Mercanton. Sarah Bernhardt yn de rol fan Keninginne Elisabeth I.
1912: Sarah Bernhardt à Belle-Isle. Sarah Bernhardt spilet harsels.
1913: Adrienne Lecouvreur (Ernest Legouve, Eugène Scribe), regy Henri Desfontaines, Louis Mercanton. Sarah Bernhardt as Adrienne Lecouvreur.
1915: Ceux de chez nous (biografysk)
1915: Jeanne Doré (Tristan Bernard), regy René Hervil, Louis Mercanton. Sarah Bernhardt as Jeanne Doré.
1917: Mères Françaises (Jean Richepin), regy René Hervil, Louis Mercanton. Sarah Bernhardt as ferpleechster fan it Reade Krús.
1923: La Voyante (Sacha Guitry), regy Leon Abrams, Louis Mercanton. Sarah Bernhardt stjert by de opname. Har rol wurdt oernaam troch Jeanne Brindeau (post-mortem double).