Van der Molen wie yn it earstoan ûnderwizer en learaar, letter sjoernalist en redakteur by de Drachtster Krante, it Nijsblêd fan Fryslân en de Ljouwerter Krante (sûnt 1953). Sekretaris fan it Geakundich Wurkforbân fan de Fryske Akademy, redaksjelid fan Neerlands Volksleven, Berie fan it bûn Heemschut, bestjoerslid fan de Stifting De Fryske Mole, Stichting Alde Fryske Tsjerken en it Frysk Skipfeartmuseum. Skreau teksten foar de RON en RONO, Selskip Tetman de Vries, Fryske Boekefeesten, Selskip Klaes Westra, Lammert Popma en oaren (foar in part op grammofoanplaat). Yn 1968 krige er de provinsjale Joast Halbertsmapriis. Fierder wied er auteur fan in soad artikels en boeken op folkloristysk, nammekundich en histoarysk mêd.
Yn de oarloch
Fan 'e 1930-er jierren publisearre Van der Molen in ymposante steapel fassistysk en rasistysk proaza. Hy hold ek nauwe kontakten mei de Dútske besettingsmacht. Fanwegen syn kollaboraasje waard er nei de oarloch feroardiele ta finzenis gelyk oan de doer fan syn foararrest, wylst de eareried him in publikaasjeferbod oant 5 maaie 1950 oplei. Neidat er dochs artikels yn It Heitelân en it Fries Landbouwblad publisearre hie, feroardiele de plysjerjochter him ta in boete fan 200 gûne of 1 moanne finzenis ûnder betingst.[1]