Eartijds stie hjir in nôtmole dêr't de mealstien fan noch op ien fan de pleatsen is. De ies fan Rysberkampen is in mearstrokige streifen-es. Dêrtroch binne der ferskate persielen dy't yn ferskillende rjochtingen rinne mei fjildnammen as Dwersikkers en Kromikkers. By de Molepôle, rint de útwreiding fan de bou wat ûngelyk yn de heide op. Nei it easten ta, rjochting it rivierke 'De Volle Riete', leine om 1830 hinne de greide- en healannen fan de boeren.