Koch waard berne yn de hûshâlding fan Hermann Koch (mynbouyngenieur) en Mathilde Koch-Biewend; der wiene trettjin bern. Yn syn jonkheid samle er mineralen, ynsekten en koarstmoassen. Hy sette út ein mei de stúdzje medisinen yn 1862 oan de universiteit fan Göttingen.
Hy waard ferneamd troch it ûntdekken fan de oarsaak fan myltfjoer (Bacillus anthracis) yn 1877, tuberkuloaze (Mycobacterium tuberculosis) yn 1882 en golera (Vibrio cholerae) yn 1883 en ek troch it formulearjen fan de Kochs postulaten.
It mikroörganisme moat oerdiedich oanwêzich wêze yn organismen dý't fan de sykte te lijen hawwe, mar soene net fûn wurde moatte yn sûne bisten.
It mikroörganisme moat isolearre wurde út in siik organisme en kweekt wurde yn in suvere kultuer.
It kweekte mikroörganisme moat sykte feroarsaakje at it yn in sûn organisme brocht wurdt.
It mikroörganisme moat op 'en nij isolearre wurde út it inte, ferstoarne, eksperimintele gastorganisme en identifisearre wurde as de gelikense fan it oarspronklike siikmeitsjende middel.
Bibliografy
Methoaden foar it bestudearjen fan siikmeitsjende organismen (1880)