Yn 1275 en 1335 waard it doarp Rede neamd, yn 1433 Reed, yn 1505 Rydt en yn 1786 Ried. De plaknamme stamt fan De Rie dy't troch it doarpsgebiet rint, dat stream (rith) betsjut.
Ried is in terpdoarp en it duorre noch oant yn de 18e iuw dat der bûten de doarpsterp boud waard. Yn de 19e iuw en yn it begjin fan de 20e iuw ûntstie der lintbebouwing oan de (nije) Doanjumerwei, de Berltsumerwei, de Sânhústerwei en de Pastorijeleane. Oan de Doanjumerwei steane in pear wentes foar de notabelen, wêrfan ien ek in dekoratyf koetshûs hat. Ek oan de dyk nei it suden nei Peins is bebouwing kommen. Pas letter is de Nijedyk nei it noarden mei fral wenningwetwenten beboud. Flakby de tsjerke stiet yn de buorren it eardere molkfabryk, wêrfan it front it karakter fan de fernijende styl hat en it jiertal Anno 1909 draacht. It romme tsjerkhou is mei de súdkant nei de dyk rjochte en omseame troch in bûkehage en ipen. Der steane wat húskes omhinne, wêrtroch hast net te sjen is dat se op in terp steane. Foar de boadskippen moatte de ynwenners nei Berltsum, Menaam of Frjentsjer.
Yn 'e jachthaven 'It Kattegat' is in oanlisplak foar passanten. Dy leit teffens oan de Alvestêderûte tusken Frjentsjer en Dokkum.
Yn de âlde skoalle is it multyfunksjoneel sintrum De Rede ûnderbrocht. Yn 2016 waard útein set mei de ferbouwing fan it doarpshûs. De iepening fûn yn 2018 plak en it doarpshûs is no twaris sa grut as it âlde doarpshûs. De kosten fan de ferbouwing bedroegen likernôch 1 miljoen euro.[1]
It doarpskrantsje hjit 'It Kattebeltsje'. De kat yn it wapen en de namme fan it doarpskrantsje ferwize nei de skelnamme foar Riesters: katten. Oan it eastlike ein fan de Haadstrjitte stiet ek in keunstwurkje fan in kat.
It doarpsfeest wurdt alle jierren yn july organisearre.