Boppe: Stedssilhûet wetterfallen fan de James. Midden: St. John's Episkopale tsjerke, Jackson Ward, Monument Avenue. Under: Virginia State Capitol, Sjasjon Main Street
It gebiet dêr't Richmond no leit waard foar it east ferkend troch Ingelske kolonisten ûnder kaptein Christopher Newport om 1607 hinne. Lykwols kaam de hannel dêr earst goed opgong om 1644 hinne doe't it nijboude Fort Charles mear besteanssekerheid joech en mear kolonisten luts. Rillegau waard it doe in hannelspost foar pelzen, bistehûden en tabak.
Yn 1737 waard de stêd stifte troch oerste William Byrd II op it plak dêr't ea de haadstêd fan it yndiaanske ryk Powhatan lei, dat troch de Ingelsken ferovere waard. Doe't Richmond yn 1742 stedsrjocht krige wennen der 250 minsken. Yn 1782, in koart skoft neidat de Ingelsken har oerjûn hiene yn de Amerikaanske Unôfhinklikheidskriich waard Richmond de haadstêd fan Firginia. Yn de Amerikaanske Boargeroarloch wie it de haadstêd fan de Konfederaasje. Krekt foar it belies fan de Konfederaasje ferwoastgen soldaten fan de Konfederaasje grutte dielen fan de stêd.
Richmond hat omdat it de haadstêd fan de súdlike steaten wie yn de Boargerkriich in protte museums en monuminten, benammen oan de Monument Avenue, wijd oan dat haadstik fan syn skiednis.
Yn 1888 krige Richmond as earste yn de Feriene Steaten in elektryske tram.
Demografy
Fan de befolking is 13,2 % âlder as 65 jier en bestiet foar 37,6 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens beslacht 2,9 % (sifers folkstelling 2000) fan de befolking.
Likernôch 2,6 % fan de befolking fan Richmond bestiet út hispanics en latino's, 57,2 % is fan Afrikaanske oarsprong en 1,2 % fan Aziatyske oarsprong.
It ynwennertal sakke fan 202.713 yn 1990 nei 197.790 yn 2000, mat sit no wer op goed 204.000.
Klimaat
Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan 2,1 °C, yn juli is dat 25,6 °C. Der is trochstrings 1096,3 mm neerslag it jier (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
Berne yn Richmond
James Branch Cabell (1879–1958), Amerikaansk sciencefiction en fantasyskriuwer
Tom Wolfe (1930, Amerikaansk auteur en sjoernalist
Shirley MacLaine, (1934), Amerikaansk aktrise (suster fan akteur/regisseur Warren Beatty)
Warren Beatty (1937), Amerikaansk filmakteur, -regisseur en -produsint