In Rhodesbeurs (Ingelsk: Rhodes Scholarship) is prestizjeuze ynternasjonale stúdzjebeurs foar in ferfolchstúdzje oan 'e bekende BritskeUniversiteit fan Oxford. Hy wurdt takend foar twa jier en kin yn it twadde jier ûnder beskate betingsten ferlinge wurde oant trije jier. De beurs bestiet út it fereaske kolleezjejild plus in ienris yn 'e moanne útbetelle talage foar ferbliuwskosten en libbensûnderhâld.
De Rhodesbeurs is ferneamd nei de Britske koloniaalsirCecil Rhodes (nei wa't ek it eardere Rodeezje neamd wie), en wurdt betelle út in fûns, The Rhodes Trust, foar de oprjochting wêrfan't Rhodes yn syn testamintjild oan 'e kant lein hie. De Rhodesbeurs bestiet sadwaande sûnt it ferstjerren fan Rhodes yn 1902, en wurdt sûnt 1904 elts jier oan guon studinten útbetelle. De dêrfoar jildende kritearia binne rjochtlinen dy't Rhodes sels yn syn testamint fêstlizze liet. Dêrby giet it om: