Broer Dijkstra fan Hatsum, de lieder fan it ferset yn Distrikt VIII, twifele oan it nut fan sa'n aksje.[2] Hy sette nei it fabryk fan Kuiken ta, yn Dronryp, dêr't er mei Kuiken, in oar lid fan 'e groep, oerlei. Dyselde fûn it ek in healwiis idee. Nei oerlis kamen se ta de konklúzje dat de gewestlike lieding harren aksjeberettens teste woe.[2] Se besleaten om it plan tsjin better witten yn út te fieren. Kuiken gie nei Ljouwert ta, dêr't er yn in izerhannel in pûn kopspikers kocht.[2]
Yn 'e nacht fan 16 op 17 novimber1944,[1] om likernôch 22.00 oere,[2] struiden Dijkstra en Westra, in oar lid fan syn groep, de kopspikers op 'e strjitwei yn 'e neite fan Dronryp út.[2] Dy nachts barde der neat, en de oare moarns betiid riskearren se har libbens om it spul wer op te feien.[2] De jûns fan 17 novimber struiden Dijkstra en in oare fersetsman, Conradi, de kopspikers op 'e nij út. Dy nacht ried der in Dútske fytspatrûlje trochhinne.[2]
Represailles
Op 18 novimber1944 waarden Bote Lieuwe Dijk (45), Julius Gast (51) en Rijkje van Meekeren (49) út it hûs fan bewar yn 'e Ljouwerter Blokhúspoarte helle. Hja waarden oan 'e strjitwei tusken Mullum en Hjerbeamstânrjochtlik eksekutearre.[1] Op 19 novimber waarden Hans Goudsmit (23), Dirk de Vries (19) en Jan Zorn (27) ek út it hûs fan bewar helle. Sy waarden oan 'e strjitwei ûnder de Menamermieden deasketten.[1][2] Beide kearen gie it om twa lju dy't fêstsieten foar de Spoarstaking (Dijk en Van Meekeren, en De Vries en Zorn), en ien Joadske ûnderdûker dy't oppakt wie yn it ramt fan 'e joadeferfolging (Gast en Goudsmit).[1]
Sawol by Hjerbeam as by Menaam waarden de mannen yn 'e rein en de drek opsteld mei de rêch nei in jirpelbulte ta en it gesicht nei it fjoerpeloton, dat likernôch 5 m foar harren stie.[1] Se waarden net tagelyk deasketten, mar ien foar ien, wêrby't it twadde en it trêde slachtoffer pas nei it plak fan eksekúsje ta laat waarden, doe't dêr al ien of twa stoflike omskotten leine, dy't deasketten wiene en it genedeskot krigen hiene.[1] Neffens de kristlik-grifformeardepredikant Lambertus Holtrigter, dy't by Hjerbeam tafallich op it stuit fan 'e represaille de strjitwei delfytste en troch de nazys steande holden waard om der tsjûge fan te wêzen, waarden de slachtoffers net blyndoeke.[1]
Ferantwurdlike foar de útfiering fan 'e represailles wie de Dútske ofsierTheodor Vogt.[1] Yn Menaam moasten de trije stoflike omskotten op lêst fan 'e Dútsers 24 oeren lang lizzen bliuwe op it plak fan eksekúsje.[1][2] Neitiid waarden se yn in skuorke op it tsjerkhôf fan 'e Menamer Lambertustsjerke wosken en yn in deakiste lein.[1] De yn Amsterdamberne Goudsmit kaam yn Menaam te hôf en leit dêr noch; de oare beide mannen waarden yn harren wenplakken Drachten (De Vries) en Ljouwert (Zorn) begroeven.[2]