It Reidingpark is in lyts park yn Drachten oan De Drift, neamd nei de famylje Reiding dyât yn de 19e iuw in soad ynfloed hie yn SmellingerlĂąn. It park hat Ăąlde iken, strewiel in wetterpartij en in keunstmjittige hichte, de saneamde âDrachtster berchâ en hat oan trije siden in greft. De Berchloane (fan 1937-1939 Burgemeester Reidinglaan hjitten), rint parallel oan de sĂșdkant fan it park.
Skiednis
De krekte Ăąldens fan it parkje is net wis, mar it moat tusken 1808 en 1828 oanlein west hawwe. Gemeentesekretaris Sijtze Fokkes Reiding, bewenne begjin 19e iuw in hĂ»s oan de Suderbuert en kocht in pear kampkes lĂąn efter syn hĂ»s. In diel wie doe al in plantagie met boomen. Syn soan Fokke Sijtzes Reiding liet dĂȘr in mĂąnske, djippe parkeftige tĂșn fan meitsje en liet yn it ramt fan wurkferskaffing de 'berch' opsmite. It hjoeddeiske park is it efterste twatredde part fan dy tĂșn. It terrein hie in grientetĂșn, in hĂŽf, in lange fiver, in simmerhĂșske en it meast eastlike part wie pleyziertuin. [1]Yn 1916 kocht notaris De Jong Posthumus it hĂ»s en tĂșn fan de dames Reiding.
Yn de jierren-1930 wie it park fan de VVV en mocht der kuiere wurde, der moast lykwols foar betelle wurde en dat late ta in fiks eksploitaasjetekoart. Yn de jierren 50 waard der sprutsen fan 'It parkje fan Rome' en 'Roomse Berg', omdat de RK Stichting Drachten doe eigner wie. Yn 1959 waard it park oerdien oan de gemeente en krige yr. Hein Otto (1916-1994) de opdracht in ûntwerp ta ferbettering te meitsjen. Ynfloeden fan lùnskipsarjitekten sa as Thijsse, Heimans en Roodbaard binne werom te finen yn it plan. [2]
Yn 2009 lei it der frijwat ferwyldere hinne, dat der waard besletten ta opkreazjen fan it park. It parkje waard iepener makke, krige nij strjitmeubilĂȘr (bankjes, ferljochting en in tribune op de âberchâ) en moat sa in gaadlik plak foar kulturele foarstellings wurde en wol bern ĂștnĂ»gje om dĂȘr te boartsjen. It nije park waard 30 maaie2010 offisjeel iepene.
By de yngong oan De Drift stiet in keunstwurk fan Ids Willemsma, De BĂŽge. It is in byld dat bestiet Ășt in plaat fan stiel, yn in hoeke fan 45 graden omheech set, dyât in bĂŽge skoarret, dy't bestiet Ășt in stikmannich rjochthoeken.
Opkreazge park (2010)
It keunstwurk fan Ids Willemsma (2010)
Fiver
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
âKadaster 1832 by Historisch Geografisch Informatiesysteem (HISGIS).