Proud Mary is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Creedence Clearwater Revival (CCR) yn 1968 en útbrocht op it album Bayou Country fan út 1969. Proud Mary wie it sechsde nûmer op it album en waard yn jannewaris 1969 útbrocht as iennichste single fan it album.
Oer it nûmer
Proud Mary giet it oer in raderboat dy't, earne yn it djippe suden fan Amearika, de rivier ôffart. Proud Mary is de namme fan de stoommasine op de raderboat Queen. Stoommasines krigen faak nammen en dêrom ek de tekst "Proud Mary keep on burning".
Muzikanten
Ike & Tina Turner cover
Yn 1970 brochten de Ike & Tina Turner it album Workin' Together út it njoggende nûmer op it album is Proud Mary. It waard yn jannewaris 1971 útbrocht as single, De B-kânt fan de single wie foar it nûmer Honky Tonk Women.
Oer it nûmer
De Ike & Tina Turner ferzje is twa minuten langer as it orizjineel fan CCR. It nûmer begjint mei in stadige, soele toan dêr't Tina Turner it nûmer yn yntrodusearret en it publyk warskôget dat sy en de band "nice and easy" begjinne mar "we never do something nice and easy" we meitsje it "nice and rough" ôf. Nei't de teksten earst sêft songen binne troch de Turners, wurdt it nûmer dêrnei feroare yn in stevich rock nûmer.
Muzikanten