De Pioneer 10 (ek wol Pioneer F neamd) is in net-bemanne romtefartúch fan de NASA, dat op 3 maart1972 lansearre waard. It doel fan de missy wie it ferkennen fan de bûtenste dielen fan ús sinnestelsel en is ûnderdiel fan it Pioneer programma.
De Pioneer 10 wie de earste sonde nei de planeet Jupiter, dy't op 3 desimber1973 hiel ticht benei kaam waard, en gong as earste troch de planetoïdegurdle. Ek wie de Pioneer 10 de earste sonde dy't it sinnestelsel ferliet op 13 juny1983 doe't er Neptunus efter him liet (dat doe de bûtenste planeet wie troch de elliptyske baan fan de planeet Pluto).
Oant 17 febrewaris1998 wie de Pioneer 10 it fierst ferwidere troch minsken makke objekt yn de romte. Op dy dei waard de berikte ôfstân fan de ierde benei kaam troch de Voyager 1 dy't fan dat stuit ôf in foarsprong oan it opbouwen is.
De Pioneer 10 reizget yn de rjochting fan de stjer Aldebaran yn it stjerrebyldTaurus dêr't er oer mear as 2 miljoen jier oankomme sil.