In pilaster, muorrepylder as healpylder is in rjochthoekige muorreferswiering dy't net sa fier as syn breedte foar in gevel útstekt. As wurd komt "pilaster" fan it Frânskepilastre, dat sels komt fan it Italjaanskepilastro, dat weromgiet op it Latynskepilastrum.
In healpylder is in healrûne fariant fan de pilaster. Beide termen wurde faak troch elkoar brûkt. Pilasters hawwe faak in dekorative funksje.
At in muorreferswiering mear as syn breedte foar in muorre útstekt, wurdt sprutsen fan in steunbear, dy't wol in skoarjende funksje hawwe kin. At it útsteksel mar in bytsje is en basemint en kapiteel ûntbrekke, is it in liseen.
Taljochting
In basemint is yn de klassike boukeunst de foet fan in pylder, pilaster of healpylder.