It wurk fan Cot wurdt rekkene ta de akademyske keunst. Guon fan syn skilderijen bleaune bot wurdearre en populêr, lykas Le Printemps ('De maitiid', 1873) en La Tempête ('De stoarm', 1880), dy't beide te sjen binne yn it Metropolitan Museum of Art fan New York. Cot wie teffens in ferneamd portretskilder. Wurk fan Cot is ek te besjen yn it Louvre yn Parys.
Cot waard beïerdige op begraafplak Père Lachaise yn Parys.