Seker yn Frankryk, dêr't hy yn it ferline wol oantsjutten waard as in Frânske Newton of de Newton fan Frankryk, wurdt hy sjoen as ien fan de grutste wittenskippers fan alle tiden, mei in grutte natuerlike wiskundige jefte, grutter as syn tiidgenoaten. [2]
Laplace wie dwaande mei ûnder mear wierskynlikheidsrekkening, differinsjaalfergelikingen en de tapassing fan de wiskunde yn de astronomy en de natuerkunde.
Under syn wiskundige ûntdekkingen binne de Laplacetransformaasjes, de teory fan generearjende funksjes en it bewiis fan de Stelling fan De Moivre-Laplace yn de wierskynlikheidsrekkening.
Laplace hat ek baanbrekkend wurk dien yn de 'hemelmeganika', dat hy publisearre hat yn Traité du Mécanique Céleste. Hy bewiisde de stabiliteit fan it sinnestelsel: de ferskate planeetbanen fertoane gjin ynstabiliteiten dy't ta ejeksje fan planeten út it sinnestelsel liede. Dit bewiis is lykwols net slutend blykt. Wyls is oantoand dat it sinnestelsel strikt nomd gaoatysk is en dat soksoarte útspraak net te bewizen is.