Petronella Moens![]() ![]() Petronella Moens (Kûbaard, 16 novimber 1762 - Utert, 3 jannewaris 1843) wie in bline skriuwster en dichteresse. Se is de dochter fan dûmny Petrus Moens fan Kûbaard (1758 - 1764) en Maria Lycklama à Nijeholt. Hja waard grutbroch yn Ossendrecht en Aardenburch (Siuwsk-Flaanderen). Har mem stoar yn 1766 yn it kreambêd by de berte fan har suske Baukje. Doe't Petronella yn dat jier by in omke en muoike yn IJzendijke útfanhuze krige se bernepokken. Hjirtroch waard se sa goed as blyn. Dochs hat se tsientallen gedichten en boeken skreaun. Petronella wûn wol tsien priisfragen en korrespondearre mei in soad lju. Yn it 'Liedboek voor de Kerken' stiet it troch har oersette liet 432, Wat God docht dat is woldien. Nei Moens is yn Kûbaard in strjitte neamd. Yn Aardenburg stiet in boarstbyld foar har by de Baafstsjerke. It is makke troch byldhouster Ineke Ekkers. Op 1 febrewaris 2000 is de Stichting Petronella Moens, De Vriendin van ’t Vaderland oprjochte. Wurk
Keppelings om utens
Information related to Petronella Moens |