Der binne ferskate techniken foar partycrashing. It wichtichst is dat men yn alles (lichemshâlding, gesichtsútdrukkings, praat) beart dat men it folste rjocht hat om oanwêzich te wêzen. Fierders moat men derfoar soargje dat men fan uterlik net út 'e toan falt, mar itselde soarte klean oan hat as de oare gasten. Om tagong te krijen kin men by de measte gelegenheden gewoan ûnbelet nei binnen ta rinne. By offisjele eveneminten is der faak befeiliging oanwêzich. Ien fan 'e dingen dy't men dan dwaan kin, is jin oanslute by in groep gasten dy't wol útnûge binne en meitsje dat it foar de befeiligingslju liket as heart men by dy groep, wylst men ek wer net sa ticht by komt dat it de minsken yn dy groep opfalt.
Sjoch ek
Wedding Crashers, in film oer twa freonen dy't der in gewoante fan meitsje om yn 'e wykeinen sûnder útnûging nei brulloften te gean om oantreklike jonge froulju te fersieren