De 8ste edysje fan de Omgong fan Itaalje waard hâlden fan 23 maaie oant en mei 6 juny 1920.
Startplak en einstreek
Sawol de start as einstreek lei yn Milaan, de haadstêd fan de Italjaanske regio Lombardije. Teffens is it de haadstêd fan de provinsje mei deselde namme. De stêd leit noardeastlik fan Turyn en bewesten Verona.
Njoggen winners
Yn de achtste etappe waard de einsprint fersteurd doe't der in losbrutsen hynder op de baan kaam, alle njoggen hurdfytsers út de earste groep waarden ta winner fan 'e etappe útroppen. Yn alfabetyske folchoarder gie dit om: Ugo Agostoni, Jean Alavoine, Gaetano Belloni, Marcel Buysse, Nicola Di Biase, Angelo Gremo, Emilio Petiva, Giovanni Rossignoli en Enrico Sala.
Etappe-oersjoch
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|