Oldig Reemts Boekhoff (1861-1920) wie in Eastfrysk dûmny te Loga, dat no in stedsdiel fan Lier is. Yn 1915 sette er foar it earst it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel oer nei it Eastfrysk-Nederdútsk, ûnder de titel: Dat Näie Testament in dat ostfräske Plattdüts öferset't van O. Boekhoff. Yn 1924 is dêr noch in werprintinge fan útkommen. As dûmny te Loga is Boekhoff nei syn dea opfolge wurden fan Heinrich Reimers.
Wurk
- Dat Näie Testament in dat ostfräske Plattdüts öferset't van O. Boekhoff, Auwerk, 1915 (Dunkmann), sûnder ISBN.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Herlyn, Gerrit, Oldig Boekhoff zum Gedächtnis: Ein Pastor aus Loga übersetzte bis 1915 das Neue Testament als erster ins Plattdeutsche, yn: Ostfreesland, fol. 67 (1984), s. 99-101.
|