It monumint waard fuort nei de oarloch oprjochte op it plak fan de doe krekt ôfbaarnde waach fan Snits. Destiids bestie it monumint út in fjouwerkante pylder mei weagjend dak. Op de pylder stienen de nammen fan de yn Snits omkommen persoanen. It die bliken dat dy list ynkompleet wie, der stienen allinnich nammen op en gjin data.
Op it monumint stie de tekst: It sied fan juster is de frucht van moarn
De pylder is nei pleatsing by de Waach letter fersetten nei it Ald Tsjerkhôf, dêr't it in plak krige njonken de Brânwarkazerne fan Snits. It monumint is yn 1950 ferfongen troch it hjoeddeiske byld.
Monumint sûnt 1950
It monumint toant in steande frou mei earelint op in arkadefoarmige bakstiennen muorre. It byld stiet neist de Grutte- of Martinytsjerke yn Snits en is makke fan Frânske kalkstien (Vaurion).
Op it earelint stiet de tekst: GETROUW TOT IN DE DOOD