Der binne 9.860 F-86 Sabres makke. Anno 2012 binne der noch in lytse 50 fleanree.
Operasjonele skiednis
De F-86 waard troch de USAF tige yntinsyf brûkt yn de Koreaanske Kriich gegjin jierren ’50 fan de 20e iuw. It tastel waard mei wikseljend súkses ynset tsjin de RussyskeMiG-15.
De F-86 hat tsjinne yn de loftmachten fan in protte lannen oer de hiele wrâld. Hoewol't it ûntwerp fan ein jierren '40 wie en it ein jierren '50 net mear by de tiid wie, die bliken dat de Sabre maklik oanpast wurde koe, sadat it tastel as front-line jager noch tal fan jierren by tal fan loftmachten tsjinne hat. De lêste operasjonele tastellen tsjinnen by de Boliviaanske Loftmacht oant 1994. Ferskate F-86s wurde yn de 21e iuw noch brûkt as drones (radiobestjoerde doelen), as testfleantugen of as priveetastel.
Bynammen
De Sabre waard troch fleanders ûnder oaren Sabredog, Dog, Dogship (F-86D) en Kaasjager yn Nederlân (de F-86K) neamd.