Noortje de Brouwer (Goirle, 9 maart 1999) is in Nederlânsk syngroanswimster, tegearre mei har twillingsuster Bregje de Brouwer wie sy de earste Nederlânske medaljewinner by it syngroanswimmen op de Olympyske Simmerspullen.
Karriêre
Sy die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip swimmen, trije kear oan it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 2020 en 2024). Sy waard by dizze kampioenskippen twa kear Europeesk kampioen, wûn in sulveren medalje by it wrâldkampioenskip en behellen in brûnzen medalje op de Olympyske Spullen.
Ein 2022 rekke Noortje blesearre oan har skouder wêrtroch't se in skoft lang net swimme koe, en sy ûnder oaren it Europeeske kampioenskip 2022 en de Europeeske Spullen 2023 misse moast. Begjin 2024 yn oanrin nei de Olympyske Simmerspullen die bliken dat Noortje sûkersykte type 1 hat. De erflike fariant fan sûkersykte.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|