Noomi Rapace (Hudiksvall, 28 desimber1979, berne as Noomi Norén) is in Sweedskaktrise. Sy waard ynternasjonaal ferneamd troch har rol fan Lisbeth Salander yn de Millenium-trilogy basearre op it wurk fan de Sweedske skriuwer Stieg Larsson. Foat it earste diel Män som hatar kvinnor waard se yn 2009 nominearre foar de European Film Award foar bêste aktrise.
Rapace har bertenamme is Norén. Har fan Rapace hat sy te tankjen oan har houlik mei de Sweedske akteur Ola Rapace (2001), mei wa't sy soan Lev krige (2003). Sûnt 2010 wenje sy lykwols apart. Sy hat in Spaanske heit (in flamingosjonger) en in Sweedske mem (aktrise) en waard grut yn Järna (Sweden) en yn Flúðir (Yslân).