De Noardlike Sjajinne Stamme (Ingelsk: Northern Cheyenne Tribe) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Montana.
Algemien
De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1884, hie yn 2014 10.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Lame Deer, yn Montana. De leden besteane út etnyske Sjajinnen (Cheyenne) fan 'e substamme fan 'e Noardlike Sjajinnen.
Reservaat
It reservaat fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme is it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (Northern Cheyenne Indian Reservation) fan súdeastlik Montana, dat oarspronklik it Tongue River Yndianereservaat hiet. Dêr wennen yn 2013 likernôch 6.800 minsken, wêrfan't sa'n 6.200 (of 91%) Yndianen wiene en rom 4.900 (of 72,8%) leden fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme.
Behalven dy lêsten en sa'n 600 blanken wennen der ek 1.300 oare Yndianen yn it reservaat; dat binne almeast Sjajinnen dy't net lid binne fan 'e stamme-organisaasje en Krieën (it Noardlike Sjajinne Reservaat grinzget yn it westen oan it Krieë Yndianereservaat). It Noardlike Sjajinne Reservaat hat in oerflak fan goed 1.800 km², wêrfan't de grutte mearderheid, 98%, yn Sjajinske hannen is (yn 'e measte reservaten yn 'e Feriene Steaten leit dat persintaazje ûnder de 50%).
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes