Nij-Amsterdam (Nederlânsk en offisjeel: Nieuw-Amsterdam, Drintsk: Neij-Amsterdam) is in doarp yn de gemeente Emmen yn it súdeasten fan de provinsje Drinte (Nederlân).
It doarp Veenoord leit deun tsjin Nieuw-Amsterdam oan - feitlik is it ien gehiel, Nieuw-Amsterdam - Veenoord. Dat in part in oare namme hat komt trochdat it foar de gemeentlike weryndieling fan Drinte yn in oare gemeente lei, yn Sleen. Nieuw-Amsterdam - Veenoord is in twillingdoarp. Sûnt 1 jannewaris 1998, hearre beide doarpen by de gemeente Emmen.