Nigel Ernest James Mansell (Upton-upon-Severn, 8 augustus 1953) is in earder Britsk autokoereur. Hy hat ûnder oare fan 1980 oant en mei 1995 yn de Formule 1 riden, en waard yn 1992 wrâldkampioen. Hy waard yn 1993 kampioen yn de PPG Indy Car World Series en wie dêrmei op dat momint tegelikertiid kampioen yn de formule 1 en de Indy car series.