In neutron is in subatomêr dieltsje sûnder elektryske lading dat foarkomt yn atoomkearnen. It is opboud út 2 down-quarks en 1 up-quark. Alle atoomkearnen op ééien nei befetsje neist ien of mear protoanen ek ien of mear neutronen. De ienige útsûndering is 1H (de meast foarkommende foarm fan wetterstof), wêrfan de kearn út allinnich ien proton bestiet. De massa fan it neutron is frijwol lyk oan dy fan it proton (it neutron is wat swierder), mar it neutron mist de positive lading fan it proton.