De Nederlânske kampioenskippen koartebaanriden wurde sûnt 1924 as it kin moogliks alle jierren op natueriis ferriden. Sûnt 1947 steane de NK ûnder tafersjoch fan de KNSB.[1]
It nasjonaal kampioenskip wurdet ferriden neffens it koartebaanprinsipe dus yn in rjochte line oer 160 meter foar de manlju en 140 meter foar de froulju. It kampioenskip bestiet út meardere rondes, yn de earste ronde ride alle dielnimmers twa kear de ôfstân, wêrnei't de snelste sechtjin riders trochgean nei de twadde ronde. Ut dizze twadde ronde geane der acht troch nei de heale finale en dêrnei fjouwer troch nei de finale. Yn dy finale ride alle riders ien kear tsjin elkoar, as ien rider al syn trije tsjinstanners ferslaat is hy of sy kampioen. Mocht der nimmen trije ritoerwinnings hawwe, dan wurde de tiden út de finale opteld en is dejinge mei de snelste tiid winner. Foar de plakken 2 oant en mei 4 telle altyd allinnich de tiden[1].
Tusken 2004 en 2007 wienen der yn Nederlân gjin keunstiisbanen dêr't koartebaanwedstriden ferriden wurde koenen en wie de sport ôfhinklik fan natueriis, sûnt 2007 kin it NK koartebaan by gebrek oan natueriis op de keunstiisbaan FlevOnice hâlden wurde.
Winners
Manlju
Fan 1987 ôf ynklusyf Junioaren-A
Froulju
[6][7]
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ 1,0 1,1 1,2 NK Kortebaan heren KNSB
- ↑ "Jesper Hospes winnaar NK-kortebaan" Heerenveense Courant, 12 jannewaris 2010
- ↑ "Thijsje Oenema Nederlands kampioen kortebaan" SchaatsENZO.nl, 8 jannewaris 2009
- ↑ "Leslie Koen Nederlands kampioene kortebaan" SchaatsENZO.nl, 14 jannewaris 2010
- ↑ "Oenema Nederlands schaatskampioene kortebaan" NU.nl, 30 desimber 2010
- ↑ "NK Kortebaan Vrouwen senioren" Schaatsen.nl, 7 febrewaris 2011
- ↑ Broer, Dirk mei Martin van der Bij, Jeroen Heijmans, Michiel Jansen, Marnix Koolhaas, Robert Koorneef, Huub Snoep, Gerrit Stevens en Nol Terwindt. Nederlandse Kampioenschappen Kortebaan en Supersprint: Complete Uitslagen, 1924-2005. Hoogland: KNSB, 2005.
|