Sûnt 1883 hie Nederlân in soarte fan ûnoffisjele kustwacht, mei't de taken dy't ornaris troch in kustwacht útfierd wurde, doe tabetroud waarden oan 'e organisaasje dy't soarch droech foar de kustferljochting. Dat betsjutte dat it tafersjoch op 'e kustbewekking en it útsjen nei yn need ferkearende skippen benammentlik fan 'e fêstewâl ôf dien waard. It Loadswêzen krige de útfierende taken op see tawiisd.
Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it ferrjochtsjen fan kustwachttaken makliker makke troch it yn gebrûk nimmen fan nije technologyen lykas radar en telekommunikaasje. Dêrmei koe boppedat in folle grutter gebiet bestrutsen wurde. Tagelyk krige it Nederlânske regear yn De Haach ek mear belangstelling foar it Nederlânske diel fan 'e Noardsee, dêr't grûnstoffen lykas ierdoalje en ierdgas yn 'e grûn blieken te sitten, en dêr't men ek sân en grint begûn te winnen.
Tsjin dy tiid wiene der mear as tweintich oerheidsynstânsjes belutsen by it kustwachtwurk, allegearre mei in eigen stikje foech. Dat de fjoertuorren en ljochtskippen om dy tiid hinne automatisearre waarden, wie in foarútgong foar de ûnderlinge gearwurking, mar likegoed bleau de sitewaasje fier fan optimaal. Om 'e fragmintaasje tsjin te gean, stelde minister fan Ferkear en WettersteatNelie Smit-Kroes yn 1984 in kommisje yn dy't ûndersykje moast hoe't de befeiliging fan 'e Nederlânske kust effisjinter en effektiver koe.
De resultaten fan dat ûndersyk, dy't yn 1986 publisearre waarden, laten op 26 febrewaris1987 ta de oprjochting fan 'e Nederlânske Kustwacht. De nije organisaasje waard húsfêste yn IJmuiden. Yn 1995 waard de Kustwacht oerhevele fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat nei it Ministearje fan Definsje en waard it in ûnderdiel fan 'e Keninklike Marine. It haadkertier waard op 23 novimber2001 ferhuze nei it nije Kustwachtsintrum yn De Helder.
Aktiviteiten
Taken
De taken fan 'e Kustwacht binne ûnder te ferdielen yn tsjinstferliening en wetshanthavening:
tsjinstferliening:
it bewekjen, ôfhanneljen en koördinearjen fan nasjonale en ynternasjonale needoproppen;
maritime bystân yn needsitewaasjes;
it sykjen en rêden op see yn it gefal fan fermissings, bgl. fan lju dy't oerboard slein binne of fan bemanningsleden fan sonken skippen;