De Nederfrankysk-Nedersaksyske talen foarmje in lytse taalkloft fan 'e Súdwestgermaanske talen, dy't wer diel útmeitsje fan 'e Westgermaanske talen.
De Nederfrankysk-Nedersaksyske talen besteane sels ek wer út twa groepen:
Fierwei de wichtichste taal fan dizze groep is it Nederlânsk. De Nederfrankysk-Nedersaksyske talen binne nau besibbe oan 'e Heechdútske talen.
Skaaimerken
Oars as de measte oare taalgroepen geane de Nederfrankysk-Nedersaksyske talen nei alle gedachten net werom op it mienskiplike oertaal, dat yn dit gefal it Nederfrankysk-Nedersaksysk wêze soe. Ynstee wurde dizze Súdwestgermaanske talen ûnder ien namme beflapt om't se as mienskiplike skaaimerken hawwe dat se àl ferskate ingveonismen ûndergien hawwe, mar dêrfoaroer frij bleaun binne fan 'e Heechdútske Klankferskowing.
Taalferliking
Nederdútsk:
|
Ik segg et/dat up Nedderdüütsch/Platt(düütsch).
|
Minnistedútsk:
|
Ekj/Etj saje et op Nadadietsch/Plautdietsch.
|
Nederlânsk:
|
Ik zeg het in het Nederduits/Platduits.
|
Afrikaansk:
|
Ek seg dit in die Nederduits/Platduits.
|
Boarnen, noaten en referinsjes