It Nasjonaal Park Bontebok (Ingelsk: Bontebok National Park; Afrikaansk: Nasionale Bontebokpark) is in yn Súd-Afrika yn 1931 stifte nasjonaal park.
It doel doetiidsk wie om de lêst oerbleaune 30 bontebokken yn Súd-Afrika foar útstjerren te behoedzjen. It park siet yn it earstoan ûnder Bredasdorp, mar is letter mear rjochting Swellendam ferpleatst.
Hjoeddedei sitte der sa'n 200 bontebokken yn park dat 3500 hektare beslacht. Oare grutte sûchdieren yn it park binne ûnder oaren de Kaapse berchkwagga, de grize ribbok en it read hartebist. It park grinzet oan de Breede Rivier.
-
Bontebok yn it park
-
Breede River yn it park
-
Paradyskraanfûgel ('Anthropoides paradisea') yn it park