It museum hat in grutte kolleksje Jeropeeske keunst, mûglik de grutste yn Súd-Amearika. Fierders binne der ek kolleksjes fan keunst út Aazje en út Afrika, en oaren. Alles byelkoar het it museum mear as achttûzen stikken.
Gebou
It gebou hat glêzen muorren, dat keunstwurken net oan de muorre hongen wurde kinne, mar wier tagonklik wêze moatte for it publyk. Lykwols steane der gauris losse wandsjes yn de sealen, dat dan is it wat dat oanbelanget net oars as oare museums. It museum stiet op poaten, dat op strjithichte in plein, yn it skaad, oerbliuwt foar it publyk.