Mindert Wijnstra (Lippenhuzen, 31 desimber1945 - Warns, 30 septimber2020) wie in Fryske berneboekeskriuwer en ferhaleferteller en ûnderwizer út Warns. Yn Warns wie er skoallehaad en hy wenne letter ek noch yn it skoalhûs.
Yn 1992 krige er de Simke Kloostermanpriis, foar It hûs fol ferhalen, útrikt yn de Twizeler tsjerke. Hy wie troud mei Anneke Wijnstra-Dalstra, harren dochter is Babs Wijnstra.
Wurk
De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen (2017, mei Douwe Kootstra)
De seefrou (2014, samling folksferhalen as kadoboek yn it ramt fan 'Swalk')