It fiadukt bestiet út acht oerspanningen, ûnderstipe troch sân betonnen pylders. De middelste stikken oerspanne 342 meter, de uterste oerspanningen 204 meter. De brêge leit op 270 meter boppe de rivier de Tarn. Der binne sân mânske brêgepylders boud, wêrfan't de heechste 343 meter de loft yn rikt. Dat is de heechste brêgepylder fan de wrâld. It brêgedek is 32 meter breed, en hat twa rydstripen en in flechtstripe yn beide rydrjochtings.
It fiadukt is de grutste rydreaubrêge yn de wrâld, hast twa kear sa grut as de eardere Europeeske rekordhâlder, de Europabrücke yn Eastenryk. Wat brêgedekhichte oanbelanget komt it fiadukt nei de Royal Gorge Bridge yn Kolorado.
Spesifikaasjes
Totale lingte fan it weidek: 2460 m
Oantal pylders: 7
Hichte fan pylder 7, de koartste: 77 m
Hichte fan pylder 2, de langste: 336 m (245 m op it nivo fan it weidek)
Hichte fan pilonnen: 87 m
Oantal keabels: 154
Tsjokkens fan it weidek: 4,20 m
Breedte fan it weidek: 32,05 m
Totaal folume fan brûkt beton: 127.000 m³
Totaal gewicht fan stiel: 19.000 ton
Totaal gewicht fan de brêge: 290.000 ton
Maksimale wynfaasje: 220 km/o (150 km/o maksimaal ea mjitten yn Millau)
Temperatuergrinzen: -35 °C - +45 °C
Totale krimp- of útsetlingte: 2,2 m
Helling fan it weidek: 3%
De brêge beskriuwt (foar in part) in sirkel mei in striel fan 20 km, sa like de brêge ûneinich lang.