Nei har oplieding en in karriêre yn it moadefak keas Manders foar aktearjen en modellewurk. Se folge fan 1999 - 2001 de toanieloplieding Amsterdam “de Trap”. Nei de jûnsoplieding Cameratrajekt hat hja dêr in trijejierrige deioplieding Teaterskoalle folge. Yn 2005 folge se de Royal Academy of Dramatic Art London, “RADA”.
Har sjong-, dûns- en aktearkwaliteiten toande se yn har fêste rol yn de Dinner show. De show waard opfierd yn it Prinsesteater 'Vedette' yn Rotterdam.
Manders spile in gastrol yn de earste Nederlânske soaprige GTST. Ek spile se in gastrol yn 'Westenwind' op RTL4. Foar de Amsterdamske sjoerder AT5 presinteare hja in autoprogramma.
Foar Omrop Fryslân spile se yn de dramarige 'Baas Boppe Baas' (12 ôfleveringen it jier) de rol fan Talieta. Hjirby wie se de tsjinspylster fan Rense Westra. Yn 2007 makket Meriyem mei Westra in teäterprogramma nei oanlieding fan de telefyzjerige. Rense “Beant” Westra en Meriyem “Talieta” Manders, spylje it op spande foet libjende pear (skoanheit/dochter) yn in kabareteske sfear fol humor. De yngrediïnten hawwe dêryn in natuerlike tsjinstelling as man-frou, Frysk-Nederlânsk, autochtoan-allochtoan en âld-jong.
Teäter
2003 - Koste wat het kost as Medea. Regy: Marjolein Roeleveld
2003 o/m 2005 - Vedette Muziektheater, ferskate rollen + sang