Melania Trump, bertenamme: Melanija Knavs, ek wol bekend as Melania Knauss (Novo Mesto, 26 april 1970) is in Sloveensk-Amerikaanske dy't troud is mei de Amerikaanske 45e presidint fan de Feriene Steaten, Donald Trump.
Melania is berne yn it eardere Joegoslaavje yn de Sosjalistyske Republyk fan Sloveenje (tsjintwurdich it ûnôfhinklike lân Sloveenje). Sy waard in permaninte bewenner fan de Feriene Steaten yn 2001 en krige it Amerikaanske steatsboargerskip yn 2006. Op 20 jannewaris 2017 waard sy de first lady fan 'e Feriene Steaten. Melanie Trump praat seis talen, te witten: Sloveensk (memmetaal), Servo-Kroatysk, Ingelsk, Frânsk, Italjaansk en Dútsk.[1]
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes