Van Weezel is ien fan de twa soannen fan Carry Blitz en Richard van Weezel. Yn 1969 die er eineksamen op it Stedsgymnasium Leien en studearre dêrnei politike en sosjale wittenskippen oan de Universiteit fan Amsterdam. Van Weezel wie aktyf yn de ASVA, de Algemene Studentenvereniging Amsterdam; ûnder oare as sekretaris ûnderwiis.
Sjoernalist
Tusken 1972 en 1976 wie Van Weezel lid fan de CPN. Yn 'e mande mei syn frou, de sjoernaliste Anet Bleich, skreau er it boek Ga dan zelf naar Siberië! (1978).
Yn 1976 waard er sjoernalist by Vrij Nederland. Hy skreau ynearsten de rabbelerijrubryk Het Wereldje. Yn 1981 waard er dêr polityk redakteur. Dat bleau er oant 1998; doe waard er sjef opinyside fan dat wykblêd. Yn 2000 waard er adjunkt-haadredakteur fan Vrij Nederland en yn 2004 fêste polityk kommintator. Dêrnjonken wie er fan 2007 oant 2011 foarsitter fan it Ynternasjonaal Perssintrum Nieuwspoort. Hy wûn de Anne Vondelingpriis twa kear, yn 1983 mei Joop van Tijn en yn 1994 mei sjoernalist Leonard Ornstein. Yn maart 2019 waard de Frans Banninck Cocq Peinje fan de gemeente Amsterdam oan him takend.
Sûnt 1995 wie Van Weezel presintator fan it Radio 1-programma Met het Oog op Morgen; dat die er op 16 maart 2019 foar it lêst. Ek presintearre er Argos. Earder presintearre er by de VARA de radioprogramma's Spijkers met koppen mei Jack Spijkerman en In de Rooie haan, by de VPROHet Gebouw en by de NOS it sjoernaal op Radio 1. Teffens die er geregeld tf-ynterviews op de stjoerder Het Gesprek. Fan febrewaris 2017 oant 22 maart 2019 makke er yn 'e mande mei Joost Vullings alle wiken de podcastDe stemming van Vullings en van Weezel.
Max van Weezel stoar yn de âldens fan 67 jier oan de gefolgen fan alfleisklierkanker.
Famylje
Van Weezel hat in Joadske eftergrûn. Hy wie troud mei sjoernaliste Anet Bleich. Sy hawwe dochter, Natascha van Weezel, dy't filmmakker en skriuwster is.
Publikaasjes (in kar)
Max van Weezel & Anet Bleich: Ga dan zelf naar Siberië! Linkse intellektuelen en de koude oorlog. Amsterdam, Sosjalistyske Utjouwerij, 1978. ISBN 9062220452
Max van Weezel en Leonard Ornstein: Op heilige grond: achter de schermen van het vredesproces in het Midden-Oosten. Amsterdam, Prometheus, 2001. ISBN 9044600117