It fjouwerkante gebou stiet op in hege sokkel. De gevel fan it gebou hat in kroanlist droegen troch Ioanyske pylders mei de bekende krol yn it kapiteel. It ynswinke dak en it brûken fan bakstien is typysk Hollânsk. Trochdat it fan natoerstien oplutsen middengedielte wat útstekt (in saneamde risalyt), liket it gebou op in Romeinske timpel. Dy boustyl is faak brûkt troch oanhingers fan humanistyske idealen.
Sûnt 1685 wie it Mauritshûs in Hotel fan Steat: hege gasten fan de Steaten-Generaal fan de Nederlannen waarden der ûnderbrocht. Yn 1704 waard it Mauritshûs troch brân swier skansearre. De werbou waard foltôge yn 1720. Op de begeane grûn is noch wat fan de gloarje fan de gouden feestseal werom te sjen.
Utwreiding
In 2007 makke it museum bekend dat it útwreidzje woe. Dêrom woe it museum in part fan 'Soasjeteit de Witte' brûke. Under de Korte Vijverberg soe in ferbining tusken de twa gebouwen makke wurde kinne. Op 22 juny 2010 waard in foarlopich ûntwerp presintearre, yn septimber fan itselde jier moast it definitive ûntwerp klear wêze. Begjin 2012 starte de wurksumheden oan it plein, yn it twadde fearnsjier fan 2010 begjint de renovaasje an it Mauritshûs sels. It museum sil mids 2014 fannijs iepene wurde.