Har mem wie sjongster en dûnseres. Sels wurke se al op har tolfde as omropster by de radio. O'Hara hie sels ek in moaie sopraan, mar de filmyndustry hat dêr nea wat mei dwaan wollen.
Sy spriek floeiend Iersk-Gaelysk en dat hat hja ek brûkt yn de films The Long Gray Line, The Quiet Man en Only the Lonely.
De Ingelske akteur Charles Laughton wie tige ynnommen troch O'Hara en hat har stipe yn it begjin fan har karriêre. Letter is hja Laughton folge nei Amerika en yn 1946 is sy in natueralisearre Amerikaansk steatsboarger wurden. Sy waard in Hollywood-ikoan en op it hichtepunt fan har karriêre waard sy beskôge as ien fan de kreaste froulju yn 'e wrâld.
De readhierige O'Hara foel op troch it spyljen fan hertstochtlike heldinnen op in tige gefoelige wize. Sy hat in soad wurke mei de Amerikaanske regisseur John Ford en wie in libben lang befreone mei John Wayne. De gemy op it wyte doek mei Wayne wie grut. Hja hawwe yn fiif films meiinoar spile: Rio Grande, The Quiet Man, The Wings of Eagles, McLintock! and Big Jake.
Maureen O'Hara rekke wei yn 2015 yn de âldens fan 95 jier, thús yn Boise. Sy waard beïerdige op Arlington National Cemetery.