Dizze side giet oer it begryp 'manlikheid'. Foar it geslachtsorgaan, sjoch: penis.
Manlikheid of manlikens is in begryp dat in rige skaaimerken, manearen fan hâlden en dragen en maatskiplikerolpatroanen omfiemet dy't tradisjoneel assosjearre wurde mei manlju en jonges. It is in sosjaalkonsept, dat ûnderskaat wurde moat fan 'e biologyske definysje fan it manlik geslacht. It tsjinstelde fan manlikheid is froulikheid, mar sawol manlju as froulju kinne skaaimerken fan manlikheid (en froulikheid) fertoane. In famke dat har op in manlike wize hâldt en draacht, neamt men gauris in wyldkat (of tsjintwurdich mei in Ingelsklienwurd ek wol in tomboy). As in frou sokke skaaimerken fertoant, sprekt men gauris minachtsjend fan in 'manwiif'. As in man (tefolle) skaaimerken fan froulikheid fertoant, wurdt er omskreaun as 'ferweakke' of 'androgyn'. In besibbe begryp is machismo, in foarm fan manlikheid dy't sterk de klam leit op macht en dy't assosjearre wurdt mei it negearjen fan 'e gefolgen fan jins hâlden en dragen en de ferantwurdlikheid dêrfoar. In man dy't sok gedrach fertoant, wurdt in macho neamd. In oar besibbe begryp is firiliteit (fan it Latynskevir, dat "man" betsjut). Dat leit de klam benammen op krêft, enerzjy en seksuële prestaasjes.